Tsjinstauto Polderman: grapke
Boargemaster Polderman fan de gemeente Tytsjerksteradiel krijt dochs gjin eigen tsjinstauto mei sjauffeur. Moandei by de presintaasje fan de auto die bliken dat it om in wol hiel lette 1-april-grap fan de gemeente giet.
Ofrûne freed meldde de gemeente dat Polderman in tsjinstauto fan goed 52.000 euro krije soe. Moandei stapte de boargemaster lykwols yn in Fiat Panda. Om't 1 april op in snein foel, helle de gemeente de grap letter út.