Belestingtsjinst staakt

de stakers foar it Belestingkantoar yn Ljouwert
Sa goed as alle fêste meiwurkers fan de belestingtsjinst yn Fryslân stake moandei foar in bettere CAO. Fan de 450 meiwurkers by it belestingkantoar yn Ljouwert binne der op syn meast 20 minsken oan it wurk plus de útstjoerkrêften foar de belestingtelefoan. Ek de dûane staakt.
Op it Hearrenfean ha 80 meiwurkers fan it belestingkantoar harren fersammele op it Stasjonsplein.