Enerzjysunige wenten yn Snits
Wenningstichting De Wieren bout yn de Snitser wenwyk Noarderhoek 200 enerzjysunige wenten. Yn de wenten komme spesjale húskes dy't wetter besparje. Fierder sitte der op de hûzen sinnepanielen en der wurdt waarmte helle út de grûn. Mei dizze maatregels is de CO2-útstjit yn de wyk aanst leech.
De kosten fan de wenten lizze by de bou wol in stik heger, mar de enerzjyrekken falt letter leger út.