Widdo Von Bernstorff ferstoarn

Gravinne Ursula von Bernstorff (kolleksje Bouke Henstra)
De widdo fan de lêste partikuliere eigner fan Skiermûntseach is yn Hamburg ferstoarn. Gravinne Ursula von Bernstorff is 81 jier wurden.
Har man Bechtolt hie oant 1945 it eilân yn eigendom. Frou Von Bernstorff wurdt byset yn it famyljegrêf op it eilân, dêr 't ek har man leit. De gravinne kaam noch altiten twa kear yn it jier op it eilân.