Man oanholden foar fernielings

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan sneon op snein in Grinzer (31) oanholden foar fernielings en dronken autoride yn Easterbierrum. De plysje hie in melding krigen dat der yn in hûs rúzje west hie.
Nei in petear mei in frou (34) út Easterbierrum, waard de man bûten oantroffen. Hy sei dat er troch de frou slein wie. By in blaastest die bliken dat er tefolle dronken hie, wylst er yn in auto ried.