Zonderland nei EK turnjen
Turner Epke Zonderland fan It Hearrenfean hat foldien oan de kwalifikaasje-easken foar de Europeeske Kampioenskippen turnjen yn Amsterdam.
Zonderland wie de bêste mearkamper by de kwalifikaasjewedstriden sneon yn Halsteren. Ek syn broer Herre docht ein april mei oan it EK. Hy foldie net oan de eask, mar is dochs troch de KNGU selektearre.