Undersyk oer wenjen

Undersyk oer wenwinsken
De provinsje stjoert dizze dagen mear as 73.000 húshâldens in ûndersyk oer wenjen. Yn it ûndersyk wurde fragen steld oer hoe't minsken wenje, wat se fan har wenomjouwing fine en wat har winsken op wengebiet binne.
Yn 2003 waard ek al in wenûndersyk hâlden. Doe die bliken dat der yn Fryslân in grut ferlet fan hierwenten wie. De provinsje hat dêr it belied op oanpast. De útkomsten fan dit ûndersyk moatte fan 't hjerst bekend wêze.