Lammert Jansma wol lintsje net

Jansma hellet syn krekt opspjelde lintsje der wer ôf. Hy soe de ûnderskieding te min fine.
Ald-direkteur Jansma fan de Fryske Akademy hat sneon syn keninklike ûnderskieding werom jûn. Hy die dat by in sympoasium dat spesjaal foar him hâlden waard. Jansma wie troch boargemaster Aalberts fan Dantumadiel beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje_Nassau.
Jansma sjocht bitter werom op syn ôfskied fan it wittenskiplik ynstitút. Hy waard op non-aktyf set yn 2004 om't der grutte finansjele tekoarten wiene.