Ungelok op A7

© Omrop Fryslân
De A7 tusken Hearrenfean en Grinslân hat sneontemiddei tusken de ôfritten Drachten-De Haven en Easterwâlde in skoftlang ôfsletten west. Der hie in ûngelok mei fjouwer auto's plakfûn. Trije minsken binne mei ferwûnings ôffierd nei it sikehûs. Oer de oarsaak is noch neat bekend.
It ferkear waard mei buorden omlaat. Foar de ôfslach Drachten/De Haven stie in skoftlang in file fan 7 kilometer lang.