Ternaard tenei sûnder omropper

31 mrt 2007 - 12:30

Doarpsomropster Wieke Hoekstra fan Ternaard hâldt op. Yn 23 jier gie se 500 kear derop út om de ynwenners fan it doarp te fertellen wat der te rêden wie. Hoekstra is 76 jier. In moaie leeftyd om op te hâlden.

Sneon gie se foar it lêst de dyk út om har ôfskie bekend te meitsjen. Yn har lêste boadskip die se in oprop foar in opfolger. Doarpsbelang Ternaard sette frou Hoekstra yn it sintsje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)