Hoekstra wennet wike yn tonne

30 mrt 2007 - 16:51

Eric Hoekstra sit fan freed ôf in wike lang yn in tonne. Dêrmei wol de taalkundige en filosoof sjen litte dat in minske net folle nedich hat om lokkich te wêzen. Hy folget dêrmei de Aldgrykske filosoof Diogenes. De tonne stiet foar boekhannel Van der Velde yn Ljouwert.

April is de moanne fan de filosofy. Fanút syn Hongaarske wynfet sil Hoekstra mei gasten lykas boargemaster Dales en foarbygongers prate.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)