Earste peal havengebou Snits

© Omrop Fryslân
Yn Snits is de earste peal slein fan it nije havengebou. Dat komt oan de noardkant fan de binnenhaven yn de wyk Nij Túndoarp. It havengebou is it ien nei lêste bouprojekt yn Nij Túndoarp. It gebou krijt twa fleugels.
Der komme lúkse hier- en keapapparteminten yn. Fierder is der ek plak foar 16 apparteminten foar minsken mei in ferstanlike handikap. It gebou wurdt boud yn opdracht fan wenningstichting Patrimonium.