Huizinga op wurkbesite

30 mrt 2007 - 12:38

Steatssekretaris Tineke Huizinga fan Ferkear en Wettersteat is freed op wurkbesite yn Fryslân. Se komt yn Snits, Harns, Seisbierrum en Warkum.

Tineke Huizinga wol mear witte oer it wetterbehear yn de provinsje. Ek praat se mei ynwenners fan Harns oer de oanlis fan in dyk troch de stêd hinne. Yn Seisbierrum sjocht se by in melkfeehâlderij. Yn Warkum krijt se in rûnlieding by it fabryk fan Friesland Foods.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)