Oanridings troch mist

30 mrt 2007 - 11:55

De A7 tusken Drachten en Hearrenfean is wer iepen foar ferkear. De dyk wie freedtemoarn fjouwer oeren ôfsletten. Der ûntstie in file fan 12 kilometer.

Troch de tichte mist wienen der twa oanridings. By de ôfslach Tsjalbert botsten twa auto's. Dêrby rekke net ien ferwûne. Yn de file dy't troch it ûngelok ûntstie, wie noch in botsing mei trije auto's. Twa minsken rekken beknipe. Ien dêrfan is swier ferwûne nei it Feanster sikehûs oerbrocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)