Goedkeap mei bus op Skylge

Foar in euro mei de bus op Skylge
Buskaartsjes kostje op Skylge tenei standert in euro. Ferfiersmaatskippij Arriva hold earder al koarte aksjes mei it goedkeape kaartsje. Dy wienen sa suksesfol dat it lege taryf no oant de ein fan it jier jildt. Allinne yn de moannen july en augustus moat mear betelle wurde.
Arriva wol mei de goedkeape kaartsjes it brûken fan de bus stimulearje en sa it autoferkear op Skylge ferminderje.