Fúzje sikehûs en thússoarch

Snitser sikehûs wurket gear mei thússoarch
It Antoniussikehûs yn Snits en Thússoarch Súdwest-Fryslân fusearje. By de twa organisaasjes wurkje mei elkoar 2000 minsken. Doel fan de fúzje is de soarch foar de pasjinten te ferbetterjen.
Ien fan de foardielen fan de fúzje is dat pasjinten yn de nije sitewaasje koarter in sikehûsbêd besette. Sy kinne mei help fan de thússoarch earder it sikehûs ferlitte.