Bou digitale stjoermêst begûn

Oan de Greunswei yn Ljouwert wurdt dizze dagen de grutte stjoermêst boud, dy't Fryslân foarsjen moat fan digitale radio en televyzje. De mêst wurdt 132 meter heech, dat is 18 meter heger as de Achmeatoer. De mêst wurdt boud yn opdracht fan Nozema, dy't de útstjoerings fan digitale radio- en televyzjeprogramma's fia de ether fersoarget.
Doel is dat der yn Nederlân sechtich digitale stjoermêsten komme.