Gaswinning net stilset

Gaswinning giet troch, wol mear ûndersyk
De gaswinning yn Frjentsjerteradiel wurdt net stilset. Wol komt der neier ûndersyk nei it sakjen fan de grûn dêr. Dat is de útkomst fan it oerlis tongersdei tusken it ministearje fan ekonomyske saken, de gemeente Frjentsjerteradiel, it Wetterskip Fryslân en de provinsje.
Neffens deputearre Bijman wurdt der no útgien fan ferkearde sifers. De grûn soe heechút sakje fan 8 oant 10 sm en gjin 17 sa't earder sein waard.