Drachten krijt blauwe dyk

De dyk Moleneind 'ferklaaid' as Drachtsterfeart
De dyk Moleneind yn Drachten wurdt nije wike folslein blau ferve. It hiele stik fan de Suderhegewei oant it Carillon wurdt wetterblau. It stik is in kilometer lang en 10 meter breed.
De blauwe dyk is keunst, betocht troch de Drachtster Henk Hofstra. It wurk krijt de namme 'Water is leven'. De blauwe ferve stiet symboal foar de Drachtsterfeart dy't dêr ea rûn, en aanst wer rinne sil. Moandei wurde de earste streken op de dyk set.