Fargeul It Amelân te ûndjip

29 mrt 2007 - 13:58

It is ûnferantwurde dat Amelanners dy't op de fêste wâl wurkje te let op har wurk komme omdat de fargeul nei it eilân net djip genôch is. Dat skriuwt PvdA Twadde Keamerlid Luts Jacobi yn in brief oan steatssekretaris Tineke Huizinga fan ferkear en wettersteat.

Koartlyn waard bekend dat de fearboat nei Holwert flinke fertraging oprint omdat de fargeul tichtslibt. Jacobi freget har ôf wêrom't Rykswettersteat de fargeul net op djipte hâldt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)