Seksje op lichem fûne frou

29 mrt 2007 - 12:09

It lichem dat tiisdei fûn is by it hûs fan de fermiste Willy Wester út Ljouwert is woansdei fuorthelle. De plysje kin noch net sizze at it om Willy Wester giet. Earst moat noch seksje op it lichem dien wurde. Wol seit de plysje dat it om in frou giet.

Willy Wester wurdt sûnt 10 maart fermist. Har man sit fêst op fertinking fan moard of deaslach. Hy sit yn in beperking en mei allinnich mar kontakt ha mei syn advokaat.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)