Gjin auto's mear op pealtsjes

29 mrt 2007 - 11:59

Al in wike lang hat der gjin auto op de beweechbere pealtsjes fan it Ruterskertier yn Ljouwert sitten. It liket derop dat de lêste maatregel fan de gemeente, ekstra stekken foar de pealtsjes, foldocht.

Nei't 18 auto's op de pealtsjes botst wiene, wie it foar de gemeente oer. Wethâlder Krol kundige by dy lêtse maatregel oan dat as noch 5 auto's op de peallen ride soene, de dyk alhiel ôfsluten wurde sil. Ek foar bussen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)