Tuchtsaak KNVB tsjin Zeerobben
It KNVB is in tuchtsaak begûn tsjin fuotbalklup Zeerobben út Harns. It bûn docht dat nei oanlieding fan in ynsidint by de wedstriid ôfrûne sneon yn de Earste Klasse tusken Zeerobben en Staphorst.
De skiedsrjochter hat nei dy wedstriid oanjefte dien fan molestaasje troch in supporter fan Zeerobben. Sawol Zeerobben as it KNVB wolle net reagearre.