Frou mei mes stutsen

© Omrop Fryslân
In frou (34) út Ljouwert is woansdei op de 5e Vegelindwarsstrjitte mei in mes stutsen troch in man fan 31 út de haadstêd. De man is oanholden. In oare frou skeat it slachtoffer te help. De fertochte drige ek dy frou te stekken.
Omstanners warskôgen de plysje. Dy wie gau te plak en koe de fertochte oanhâlde. De man is oerbrocht nei it plysjeburo en ynsletten foar neier ûndersyk. De ferwûne frou is nei it sikehûs brocht.