Utwreiding Oostkern net goed

29 mrt 2007 - 07:17

De gemeente Achtkarspelen hâldt fêst oan de útwreiding fan yndustryterrein Oostkern yn Koatstertille.

Dat betsjut dat ek it lêste diel oant de Twizelerfeart beskikber komt foar bedriuwen. It doarp Koatstertille sjocht it leafst dat ûndernimmers harren allegear festigje oan de oare kant fan it doarp; op bedriuwenterrein Westkern. Dat hat te krijen mei de ferkearsdrokte fia it doarp nei yndustryterrein Oostkern.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)