Pubers bestjoere Boarnsterhim

© Omrop Fryslân
De fjirde klasse fan it VMBO yn Grou wie woansdeitejûn de baas oer Boarnsterhim. De learlingen fan OSG Sevenwolden spilen justerjûn in echte riedsgearkomste nei as ôfsluting fan in skoalleprojekt. Se moasten echte politike partijen foarmje en besluten nimme oer in tal punten dy't se sels wichtich fûnen.
De punten dy't juster goedkard binne troch de jeugdried wurde net útfierd troch de echte gemeenteried.