Lichem dat fûn is, is fan frou

It is noch hyltyd net dúdlik of it fûne lichem de fermiste frou Wester is
It stoflik omskot dat tiisdei fûn is yn de Ljouwerter wyk Cammingaburen is fan in frou. Dat hat de plysje woansdeitemiddei befestige. Offisjeel is noch net dúdlik oft it giet om de sûnt 10 maart fermiste Willy Wester. Undersyk by it forensysk ynstitút moat soks útwize. De útslach is der net earder as tongersdeitejûn.
Yn de buert binne plysjeminsken by de doarren lâns del gien om út te lizzen wat de plysje docht.