Bern net goed yn auto: boete

28 mrt 2007 - 11:01
Foto: Omrop Fryslân

Yn Snits binne yn maart 16 bekeurings útdield oan âlden dy't de bern net goed ferfierden yn de auto. Se sieten bygelyks sûnder gordel op de achterbank of net yn in bernesitsje. De plysje is dizze moanne begongen mei ekstra strange kontroles yn Snits. Oant no ta hawwe de plysjes by 5 skoallen stien.

De kontroles gean ek takom moanne noch troch.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)