Hennepkweker oprôle

28 mrt 2007 - 10:56
Hennepkweker oprôle op De Jouwer

Yn in bedriuwsgebou oan de Slotermeer op De Jouwer hat de plysje tiisdeitemiddei in hennepkwekerij oantroffen. De plysje kaam de kwekerij op it spoor troch in tipjouwer. Yn it bedriuwsgebou stiene 450 planten. Sawol de planten as ek de apparatuur binne ferneatige.

De plysje is in ûndersyk begûn nei de kweker.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)