Roeiers Aldeboarn nei Ruslân

28 mrt 2007 - 10:29
Foto: Omrop Fryslân

Roeiferiening 'Tréwes' út Aldeboarn sil yn juny nei Ruslân. Mei tsien roeiers sil de feriening dêr mei dwaan oan de 'Crazy Race'. Dat is in roeiwedstriid oer 160 kilometer op de Wolga. De wedstriid hat dizze namme krigen om't de roeiers de ôfstân yn ien kear ôflizze moatte.

'Tréwes' docht mei om't se ta binne oan in nije útdaging. De roeiers presteare al jierren goed op kampioenskippen yn eigen lân.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)