'De Koppel' yn de priizen
Twa bern út groep 5 en 6 fan basisskoalle 'De Koppel' út Sint Jabik hawwe in priis wûn yn de lanlike poesijwedstriid 'Jouw tijd, mijn tijd'. Foar dy wedstriid wiene 20-tûzen gedichten ynstjoerd. Mei-elkoar binne der 100 útkeazen.
De prizen wurde pas op 21 april útrikt. Op de skoalle is it tongersdei en freedtemoarn al feest.