CU stelt fragen oer lûde trein

De nije treinen ha fral in soad leven at se stil stean
De fraksje fan de Christen Unie yn provinsjale steaten stelt fragen oan it provinsjebestjoer oer it leven dat de nije treinen fan Arriva meitsje op it trajekt Ljouwert-Grins. De partij seit dat omwenjenden fral moarns betiid lêst hawwe fan dy nije treinen.
De oerlêst soe it slimst wêze as de treinen stasjonêr draaie. By it binnenriden giet it noch, mar as de treinen stilstean soe in nuver, dreunend lûd te hearren wêze.