Hantekens oanbean yn Den Haag

De froulju fan Betiid op Stap op it Binnenhof
De aksje Vroegopstap.nl fan twa froulju út Sigerswâld stiet op 'e politike aginda. Yn Den Haag hawwe se tiisdei in petysje oanbean oan ûnder oare CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma.
De froulju fine de lette staptiden in minne saak. It útgean sels wolle se de bern net ûntsizze, dus moatte de iepeningstiden oars. Dêrom hawwe se hantekens sammele. Trije wiken lyn gie de aksje-website online. Mear as 10.000 minsken hawwe tekene.