Gjin F16's by Mattheuspassion

F16's sille Mattheuspassion yn Dokkum net fersteure
De Mattheuspassion dy't moandei útfierd wurdt yn Dokkum, sil gjin lêst hawwe fan oerfleanende F16's. De fleanbasis hâldt rekken mei de winsk fan Vocaal Ensemble Cantatrix dat de klassiker útfiere sil.
It koar wie der bang foar dat troch de oefening mei straaljagers de útfiering fersteurd wurde soe. Dat betsjut lykwols net dat de Fleanbasis Ljouwert altyd rekken hâlde kin mei eveneminten yn de omkriten fan de basis.