Man ferwûne troch steigerfal

27 mrt 2007 - 11:25

Yn Frjentsjer is moandei in man fan in steiger ôf fallen oan de Boargemaster J. Dykstrawei. De 36-jierrige Harnzer foel troch noch ûnbekende oarsaak 3,5 meter nei ûnderen ta. Mei pine yn 'e rêch is de man nei it sikehûs yn Ljouwert brocht.

Yn Twizel koe in 40-jierrige man op 'e tiid út syn hûs komme by in brân oan 'e Wedzebuorren. Hy waard warskôge troch in foarbygonger. De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)