Konifearebrân yn Burgum

© Omrop Fryslân
Plysje en brânwacht hawwe moandeitenacht yn Burgum dwaande west mei it bestriden fan in konifearebrân. De beamhage stiet by in tsjerke oan de Bulthússingel. De brânwacht wie der gau by en koe tefoaren komme dat de tsjerke in soad skea krige. De plysje tinkt oan brânstichting.
Yn Drachten is in auto útbaarnd. Troch noch ûnbekende oarsaak fleach de wein oan de Topaas yn de brân. De eigner warskôge de brânwacht.