Brânstichting yn pinautomaat

© Omrop Fryslân
Trije jongeren binne moandeitejûn op 'e Westerein oanhâlden op fertinking fan fernieling fan in pinautomaat. It giet om twa jonges fan 14 jier en in famke fan 15 jier.
Ien hie sjoen dat it trio besocht de pinautomaat yn 'e brân te stekken en hie doe de plysje belle. Dy wie der gau by om de trije fertochten oan te hâlden. Nei ferhear mochten se wer nei hûs ta. De pinautomaat hie frijwat skea.