Betelle parkearen op Feemerk

27 mrt 2007 - 08:51
Foto: Omrop Fryslân

Op it Feemerkplein yn Snits moat fan takom wike ôf betelle wurde foar parkearen. Dizze wike wurde de parkearautomaten delset. Takom wike wurdt de parkearsône foar fergunninghâlders om it Feemerkterrein hinne útwreide. Allinne minsken mei in fergunning kinne dêr dan parkeare.

De gemeente Snits komt dizze wike mei in parkearfolder dêr't alle parkearplakken en tariven yn stean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)