Wer 2 jier easke tsjin Menamer

26 mrt 2007 - 23:19

It Iepenbier Ministearje hat moandeitejûn yn heger berop op 'e nij twa jier selstraf easke tsjin in 53-jierrige man út Menaam.

De man is yn april 2005 troch de rjochtbank yn Ljouwert ta twa jier selstraf feroardiele foar it ferkrêftsjen fan syn frou. De fertochte is tsjin de útspraak yn berop gien by it gerjochtshôf yn Ljouwert. De Menamer wurke by de wetterplysje mar hat dêr dien krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)