Nij toerismeburo Wûnseradiel

© Omrop Fryslân
Wûnseradiel hat wer in toeristysk promoasjeburo. Yn Makkum is der foar moandeitejûn in stifting oprjochte.
De eksploitaasjekosten binne 60.000 euro yn 't jier. Dat bedrach moat troch de leden opbrocht wurde. De ienmalige startkosten wurde rûsd op nochris 60.000 euro. Hjirfoar makket de organisaasje in webside en wurdt de Waag yn Makkum ynrjochte as kantoar. Ald-wethâlder Karel Helder is beneamd ta foarsitter fan de stichting.