SC Hearrenfean helpt wurksiker

© Omrop Fryslân
No freed is de offisjele start fan it projekt 'Niemand Buitenspel'. By dit projekt helpe fuotbalclubs minsken dy't wurk sykje oan in baan.
SC Heerenveen is de earste fan trije betelle fuotbalclubs dy't mei docht. De fuotbalclubs stelle de fasiliteiten ter beskikking en lizze kontakten mei de sponsors en oare relaasjes fan de club om de wurksiker oan in baan te helpen. It projekt 'Niemand Buitenspel' rint yn totaal trije jier.