Penjum lilk om dongsek

26 mrt 2007 - 17:27

Hiel Penjum is lilk op de gemeente Wûnseradiel, fanwege de oanlis fan in grutte dongsek oan de râne fan it doarp. It ding bedjert it útsicht, jout stankoerlêst en frachtferkear rydt hinne en wer.

Benammen omwenjenden ha beswier tsjin de opslach fan hast twa miljoen liter dong by har hûs. De lilkens is rjochte op it gemeentebestjoer, om't dy de fergunning jûn hat. Dy soe net goed nei alternativen sjoen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)