Omlieding Winsum - Deinum
De provinsjale dyk N359 is tusken Winsum en Deinum fan moandei ôf in skoft ôfsletten foar al it ferkear. De dyk wurdt ferbrede en krijt in nije asfaltlaach.
It ferkear wurdt omlaad fia Wiuwert, Dearsum en de Snitserhoeke. De omlieding soarget foar mear ferkear yn dizze lytsen doarpen. Oer oardel moanne moatte de wurksumheden klear wêze.