Doarpomropster hâldt op

26 mrt 2007 - 15:14
Foto: Omrop Fryslân

De doarpomropster fan Ternaard hâldt der nei 23 jier mei op. Wieke Hoekstra hat mear as 500 kear yn aksje west. Se hie de 25 jier graach folmeitsje wollen, mar moat der fanwege har sûnens mei ophâlde.

Frou Hoekstra is 76 jier. Se docht kommende sneon har lêste ronde. Se ropt dan ek opfolgers op har te melden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)