Andriesen advisearret PvdA

26 mrt 2007 - 13:53
It súkses fan Andriesen en de Fryske PvdA is lanlik opfallend

De lanlike PvdA hat deputearre Andriesen frege hoe't der better kampanje fierd wurde kin. By de twa lêste ferkiezingen hat de PvdA lanlik kiezers ferlern, útsein yn Fryslân.

Andriesen krijt in soad kompliminten oer de wize wêrop se kampanje fierd hat. PvdA'er Vreeman evaluearret de ferkiezingsnederlaach. Hy wol graach mei Andriesen om tafel. Se sil de partij advisearje om wer tichter by de minsken te stean.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)