SNN wol minder kontrôles

26 mrt 2007 - 12:25
Foto: Omrop Fryslân

It gearwurkingsferbân Noard Nederlân, it SNN, wol net dat der noch miljoenen euro's subsydzjejild útjûn wurde oan akkountantskontrôles. Dy kontrôles wurde útfierd om te achterheljen oft subsydzjes foar bedriuwen en oerheden wol goed útjûn wurdt.

Der binne hiel wat ynstansjes dy't har mei de subsydzjes bemuoie. Dêrom wurde der soms wol seis of sân fan dy kontrôles útfierd. It SNN fynt dat twa kontrôles wol moai genôch binne.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)