Wurk Chagall yn De Jouwer

26 mrt 2007 - 12:11

Yn de herfoarme tsjerke oan de Midstrjitte op De Jouwer is fan oktober ôf wurk te sjen fan de ferneamde keunstner Marc Chagall. Dûmny Jan Henk Hamoen is in grut bewûnderer fan Chagall en set de eksposysje op yn gearwurking mei in spesjalisearre galery yn Amsterdam.

Der binne yn oktober skilderijen, litho's en tekeningen fan de Frânske keunstner yn De Jouwer te sjen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)