Fertochte Wester langer fêst

26 mrt 2007 - 11:54

De 66-jierrige man fan de fermiste Willy Wester út Ljouwert bliuwt noch twa wike langer fêst sitten. Dat hat de rjochter-kommissaris moandei bepaald. De man is freedtemoarn oanholden.

Willy Wester wurdt sûnt sneon 10 maart fermist. Nei de oanhâlding fan de man, ôfrûne freed, hat de technyske resjerzje spoareûndersyk dien by it hûs fan it stel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)