Ein oan Twillingbeurs

© Omrop Fryslân
De Noardlike Twillingbeurs yn Drachten ferdwynt nei 19 jier. De beurs wurdt freed 6 april foar de 38ste en lêste kear holden. Ien fan de inisjatyfnimmers fan de beurs, Matty Barnhoorn, hâldt der mei op. Sy hat net in soad affiniteit mear mei de beurs en in opfolger is der net.
De beurs wurdt twa kear yn it jier holden en lûkt alle kearen goed 400 besikers. Dêrmei is it ien fan de grutste mearlingebeurzen fan Nederlân.