Brân yn wenning yn Twizel

(foto Jan Beets, Radio Noordoost-Friesland)
Yn in wenning oan de Wedzebuorren yn Twizel hat moandeitemoarn brân west. It fjoer waard om kertier oer seizen troch in broer fan de bewenner ûntdutsen. De brân is ûntstien yn de wenkeamer en sloech oer nei de souder.
De brânwacht fan Bûtenpost krige by it blussen help fan kollega's út Droegeham. Om sân oere wie it fjoer ûnder kontrôle. De wenning hat swiere reek- en wetterskea oprûn. By de brân rekke net ien ferwûne.